contact zoeken wedstrijden

Meisjes Door elkaar loten speciaal (zie toelichting) 1e/2e jrs.met v

11 juli 2009 10:00
Easterein
Categorie Meisjes KNKB
Soort Door elkaar loten speciaal (zie toelichting)
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Hjoed yn Easterein de 1e en 2e jiers famkes te gast. Mei 10 twatallen in moaie list en moai keatsen ûnder prima en flotte lieding van Anke Ponne.

Yn de finale fan de ferliezersrûnte kamen Hermine Sytema en Klaasje Trynke Braam tsjinoer Klasien Huistra en Gabriële Bouma te stean.
In prachtige lyk opgeande striid en die waard pas op 5-5:6-6 beslist troch in boppeslach fan Klaasje Trynke Braam.

By de winners gie de heale finale tusken Anita Kant en Doutsen vd Burg tsjin Iris vd Veen en Ilse Boonstra.
Dat waard wûn troch Iris en Ilse mei 5-3:6-2. Dernei kamen se yn de finale tsjin Geke de Boer en Tessa Booms.
Dizze twa hienen de finale berikt troch winst mei 5-1:6-4 en 5-0:6-6! Ek de finale levere gjin problemen op.
De deeglike Geke mei de tûke Tessa krigen hjir ek mar 2 earsten tsjin. Mei 5-2:6-6 winne se yn Easterein en komme yn de moaie krânsen.

De krânsen waarden útrikt troch stiper Annie Schilstra fan Aanst COmmunicatie út Easterein.

Utslach
1. Geke de Boer, Wergea, Tessa Booms, Hidaard
2. Iris vd Veen, Frjentsjer en Ilse Boonstra, Hallum
3. Anita Kant, Jirnsum, Doutsen vd Burg, Easterlittens

Ferl.
1. Hermine Sytema, Deinum, Klaasje Trynke Braam, Bitgumermole
2. Klasine Huistra, Reduzum, Gabriële Bouma, Easterein

By de foto's
Priiswinners Famkes en stipers Aanst Communicatie mei bestjoerslid T. Okkema

Mear foto’s op 20090711_KNKB_Famkes_Froulju

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers