contact zoeken wedstrijden

Senioren Vrije formatie

31 augustus 2008 11:00
Easterein
Categorie Heren 2e klasse
Soort Vrije formatie
Vereniging KF EASTEREIN
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

In historyske keatsdei yn Easterein hjoed. Net om't we de senioaren frije formaasje hjir foar it earst hienen, want hja binne hjir wol faker west. Mar it is foar it earst yn it bestean fan keatsferiening Easterein en it doarp, dat der op snein in KNKB-wedstriid ferkeatst wurden is.
Dit wie mooglik troch de moaie gearwurking mei stifting De Skoalleseize en Tsjerkerie fan Easterein. Tegearre op wei!

De dei wie prima slagge, fansels troch it prachtige neisimmerwaar en meiwurking fan in kloft frijwilligers en skiedsrjochters Lammert Leeuwen en Theo Kuipers. En masseur Stefan Algra levere in grutte bydrage, want it wie kommen en gean nei de massagetafel.


It keatsen
Yn de 3e omloop keatse Wilco Rinia c.s. tsjin Gerben Hein Wijtsma c.s. en komme op 4-1 efter. Hja winne de partij dochs mei 5-4:6-2.

Yn de heale finale gie it noch folle malder. Der komme Minne Groenveld, Gerrit Meijer en Marco Lautenbach op in skjinne fiif earsten tsjin Robert Rinia c.s.! Mar dernei begûn de tsjinpartij ek te keatsen en helle yn oantemei 5-5. Yn it lêste earst krije Robert en-dy ek nochris de 0-6 en winne de partij. In moaie 3e priis sei foarsitter Dijkstra, al sjogge de keatsers der miskien wat oars tsjin oan.

Yn de finale keatse Wilco, Karel en Gert Jan fûleindich in spul ta. It liket derop dat Robert en-dy de heale finale noch yn de skonken hienen. Mar hja komme by op 2-1. Wilco c.s. pakke de 3-1 en op 6-4 komme se 4-1 foar troch in bûtenslach fan Robert. It wurd dan 4-2 en op 4-2:6-2 slacht Wilco in sitbal en liket de partij nei it ein ta te gean.

Mar Robert, Siebe en Aloys jouwe gjin belies en komme op 5-3:6-6 werom nei 5-4, nei in moaie retourslach fan Robert. Op 5-4:6-4 giet dan dochs de winst nei it partoer Rinia c.s. as it perk Siebe en Aloys de keats net foarby kinne.

In tige slagge keatsdei mei moaie winners en in hartstikke tefreden foarsitter Dijkstra, wiis mei syn frijwilligers die de kar foar it keatsfjild makken en net foar it strân.

Utslach:
1e priis
Wilco Rinia, Makkum
Karel Nijman, Ljouwert
Gert Jan Meekma, Wytmarsum

2e priis
Robert Rinia, Arum
Siebe Greidanus, Wjelsryp
Aloys Freitag, Makkum

3e priis
Hein Rodenhuis, Rie
Gerrit Meijer, Hurdegaryp
Marco Lautenbach, Amsterdam

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers