contact zoeken wedstrijden

Jongens Door elkaar loten A klasse 6 partuur(2x3)

5 juli 2008 10:00
Easterein
Categorie Jongens KNKB
Soort Door elkaar loten A-klasse
Vereniging KF EASTEREIN
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Arnold Zijlstra, Gosse Beeksma en Jouke Bosje winne de krânsen yn de A-klasse jonges yn Easterein. Twadde priis winners wienen Pieter Sijberen Scharringa, Sjoerd de Jong en Jelmer Westra.

Der waard keatst neffens it nije systeem fan de KNKB foar 2 poules fan trije partoeren, werby elts partoer út poule tsjin elts partoer út poule B keatst. Foardiel fan dit systeem is dat der alle partoeren keatse kinne. De TC hie hjoed de keatsers ek noch op funksje setten wat de 'striid'ek noch moaier makke.

Yn de lêste rûnte keatsten Arnold c.s. (5-5:6-2, 5-2:6-0, 5-2:6-0) tsjin Jelmer Hofstee, Jort Oving en Bauke Triemstra. Beide partoeren hienen al twa kear wûn. Mar it wie it partoer fan Pieter Sijberen c.s. (4-5:2-6, 5-3:6-4, 5-2:6-2) die dochs mei de 2e priis nei hûs gie.

In prachtige keatsdei in Easterein mei hearlik keatswaar, it tilde op fan frijwilligers en help fan âlders en ûnder lieding fan skiedsrjochter Johannes Joostema wienen we ke moai op tiid út.

Sa koe der om 14.45 al de priisútrikking hâlden wurde fan de A-klasse. Stiper Wietse Ligthart wie der net om de prizen út te rikken, hy wie dit kear ek útnoege foar de Jong-Fammen. Mar we hienen hjir in oantal oare jonge fammen die de krânsen om hingje moasten.

1. Arnold Zijlstra, Tsjummearum, Gosse Beeksma, Koarnjum en Jouke Bosje, Baaium
2. Pieter Sijberen Scharringa, Wjelsryp, Sjoerd de Jong, St Anne en Jelmer Westra, Berltsum

By de foto's: Priiswinners A-klasse mei Johannes Joostema en de krânsewinners moasten dochs ien kear bûgje hjoed...

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers