contact zoeken wedstrijden

Schoolmeisjes Afdeling

7 juni 2008 10:00
Easterein
Categorie Schoolmeisjes KNKB
Soort Afdeling
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Joustra, W.A.
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Yn Easterein wie hjoed in ôfdielingswedstriid mei opstappers foar skoalfamkes. Sa as de leste jierren al fertroud is hie keatsferiening Easterein de saken wer tige goed regele wêrtroch alles foar healwei fjouweren oan de kant wie. Der wienen prachtige sulveren keatssieraden te winnen en ek noch medailles sadat alle priiswinners optein nei hús ta gongen.

De wedstriid stie ûnder lieding fan âld-Eastereinder Wiebren Joustra by de ôfdieling en klupskiedrjochter Robert Hoekstra.

By de ôfdieling wienen 17 partoeren, mar Tsjummearum en Stiens heaken ôf foar de wedstriid. Sa kaam it dat Easterein 1 de 1e omloop sûnder keatsen troch kaam. Se hellen wol de 1e priis (Easterein stie mei 3 partoer op de list) troch yn de finale mei 5-0 te winnen fan Easterlittens.
Om in plakje yn de finale keatste Easterein de omloop derfoar dreech tsjin Wergea, mar wûn wol mei 5-3. Bepalend wie de slach op 4-3 en 6-6 doe Easterein de bal boppe sloech. Easterlittens wûn de heale finale tsjin Deinum mei 5-5 en 6-4 nei’t se earst mei 5-2 efter stienen.

1e priis Easterein 1, Tineke Dijkstra, Jelien Pompstra, Martine Tiemersma
2e priis Easterlittens, Liz de Boer, Yfke Velstra, Annelien Boersma
3e priis Deinum, Hermine Sytema, Lotte Rusticus, Frouke Formsma

By de foto: Efter skiedsrjochter Wiebren Joustra, Siemke Andela, Martine Tiemersma, Jelien Pompstra, Tineke Dijkstra, Lies Sandstra (stiper)
Foar: Minke Sandstra, Anneke Bos, Marloes Fennema, Klasine Huistra, Regien Sandstra

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers