contact zoeken wedstrijden

Schooljongens Door elkaar loten speciaal (zie toelichting) samen met 2e ja

14 juli 2007 10:00
Easterein
Categorie Schooljongens KNKB
Soort Door elkaar loten speciaal (zie toelichting)
Vereniging KF EASTEREIN
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Sneon 14 july wienen de skoaljonges en pupillen jonges te gast yn Easterein. Der wienen 47 keatsers yn 16 partoeren. It waar wie wol droech mar der stie in hurde wyn mei in kreft fan 4 oante mei 5. It wie san 23 graden en sinnich waar mei somtiden wat wolken.

Oer it algemien waard der tige spannend keatst. Mar troch de hurde wyn waard der wol in soad opslachfouten makke. Ut namme fan stiper Sandstra Transport, Opslag & Caravanstalling-Easterein wie Lies Sandstra by de wedstriid oanwêzich. Oan it ein fan de partij wienen we live te belústerjen op radio Eenhoorn en koenen we moai ferslach dwaan fan de tige goed organisearre partij.

De finale wie ferskuorrend spannend en eindige op 5-5:6-4. De partij gie lyk op oante mei 5-5 en waard op 6-4 útmakke troch de grutte man by partoer 1, Haye Jan Nicolay fan Britsum mei in boppeslach op de opslach fan de grutte man by partoer 16 Hendrik Bouwhuis fan Boalsert. Haye Jan en syn maten Geart Jan Karsten, Hartwert en Wietse Fopma, Wommels wûnen de krânsen. De 2e priis wie foar Hendrik en syn maten Jelle Attema, Idskenhuizen en Thomas Kuperus, Jorwert.

Der wienen twa 3e prizen. Foar it partoer fan Rick Rusticus, Dronryp, Kees vd Schoot, Seisbierrum, Albert Alma, Tytsjerk, hja ferlearen de heale finale fan Haye Jan en-dy mei 5-2:6-4. En foar it partoer fan Hessel Braaksma, Menaam, Roan-Hein Joostema, Minnertsgea, Thomas Visser, Terwispel, hja ferlearen de heale finale fan Hendrik en-dy mei 5-5:6-2.

Yn de ferliezersrûnte wie de 1e priis foar Henk vd Meer, Lekkum, Jan Schurer, Arum, Frans Dooper, Wommels. Hja wûnen de finale mei 5-5:6-6 fan Jan Sipke Tuinman, Dronryp, Jelmer de Boer, Lollum, Joeri Ley, Snakkerburen troch de keats foarby te slaan.

Utslach:
1. Haye Jan Nicolay, Britsum, Geart Jan Karsten, Hartwert, Wietse Fopma, Wommels
2. Hendrik Bouwhuis, Boalsert, Jelle Attema, Idskenhuizen, Thomas Kuperus, Jorwert
3. Rick Rusticus, Dronryp, Kees vd Schoot, Seisbierrum, Albert Alma, Tytsjerk
3. Hessel Braaksma, Menaam, Roan-Hein Joostema, Minnertsgea, Thomas Visser, Terwispel

Ferliezersrûnte:
1. Henk vd Meer, Lekkum, Jan Schurer, Arum, Frans Dooper, Wommels
2. Jan Sipke Tuinman, Dronryp, Jelmer de Boer, Lollum, Joeri Ley, Snakkerburen

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers