contact zoeken wedstrijden

Jongens Door elkaar loten A klasse 8 partuur - poule

19 mei 2007 10:00
Easterein
Categorie Jongens KNKB
Soort Door elkaar loten A-klasse
Vereniging KF EASTEREIN
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Easterein, sneon 19 maaie. Hjoed wie der in KNKB A- en B-klasse wedstriid foar de jonges. Wer ferline jier de wedstriid ôflâst waard troch it minne waar, der troffen we it no bysûnder. De stevige wyn fan de sydkant wie in útdaging foar de opslaggers.

Mei tank oan de frijwilligers fan de feriening en fansels de âlders wie it in slagge dei ûnder lieding van R. vd Lei en J, Mollema.
De dei, krânsen en prizen wienen mooglik makke troch stiper Wietse B. Ligthart – bouw-tekenburo te Wommels, die hjoed mei syn gesin op it fjild wie om sjoege te wêzen fan de keatstalinten op it Eastereinder fjild.

Yn de útstjoering fan Radio Eenhoorn koe foarsitter Dijkstra de einútslach fan dizze wedstriid, die moai op tiid ôfrûn wie, moai efkes trochjaan en hat derby fuort reklame makke foar dizze klasse.

Der waard yn 2 poules fan 4 partoeren keatst. Sa Tjeerd Dijkstra al sein hie foar de radio wienen de keatsers yn dizze klasse tige oan inoar weage. Dat die bliken nei út de útslaggen.

Yn poule A waard der fiif kear 5-5 keatst (2x 6-6) en 1 x 5-4. Jan, Peter en Jan Brandt wûnen 2 kear op 5-5 en ferlearen 1x mei 5-5:6-8 en waarden 2e yn de poule mei 19 punten en 16 tsjinearsten.
Om de 3e priis wûnen hja mei 5-4:6-2 fan Rients Julianus, Marssum, Patrick Scheepstra, Frjentsjer, Jouke Bosje, Baaium.

De finale gie tusken Hans, Klaas en Jurjen (21-14) en Frank, Sietse en Sibe (18-12). Hja makken der in moaie striid fan die yn it foardiel útfoel fan Hans en-dy mei 5-3:6-4.

1. Hans Wassenaar, Tsjummearum, Klaas de Vries, Wytmarsum, Jurjen Breimer, Harns
2. Frank Oosterhaven, St Anna, Sietse Kuipers, Sibrandabuorren, Sibe Wijbrandi, Loenga
3. Jan Koelmans, Ouwe Syl, Peter Doeland, Dronryp, Jan Brandt Wiersma, Grou

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers