contact zoeken wedstrijden

Schoolmeisjes Door elkaar loten B + Herk

8 augustus 2015 10:00
Burgum
Categorie Schoolmeisjes KNKB
Soort Door elkaar loten
Vereniging KV BERGUM
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris J. Ritsma-v.d. Leest
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Skoalfamkes A en B ha sneon 8 augustus mei prachtich waar yn Burgum keatst.
By de B’s wienen 12 partoeren en 4 omlopen. De earste priis wie foar Anouk Smink Makkum en Inge Jansma Dronryp. Yn de earste omloop hienen se 0 earsten tsjin. Yn de twadde omloop 2 earsten tsjin. Yn de tredde en fjirde omloop elke kear 3 earsten tsjin. De twadde priis wie foar Hermine Bakker Bitgummole en Anna Joostema Berltsum. Se hienen de earste omloop 4 earsten tsjin, de twadde omloop 0 tsjin en de tredde omloop in steand nûmmer. Yn de finale hellen se 3 earsten. De tredde priis wie foar Rixt Fokkema Harns en Elske Deinum Wommels. Yn de earste omloop hienen se 1 earst tsjin. Yn de twadde omloop wûnen se nei 5 eartsten gelyk en 6 gelyk. Yn de heale finale hellen se 3 earsten. De earste priis yn de ferliezersronde wie foar Dian Dijkstra Jirnsum en Jeannet Bakker Berltsum. De twadde priis yn de ferliezersronde wie foar Marije Sweering Folsgare en Ilse-Marije Hartman Seisbierum. Skiedsrjochter wie Minne Groenveld.

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers