contact zoeken wedstrijden

Jong Feinten Junioren Afdeling

22 juli 2015 10:00
Easterein
Categorie Heren junioren KNKB
Soort Afdeling
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Sieperda, J.
Bergsma, J.
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Peter van Zuiden, Hendrik Bouwhuis en Julian Faber ha foar Boalsert de Jong-Feinte Partij wûn.

Yn de finale waard it partoer fan Easterein mei de keatsers Doede Rients Okkema, Rémon Tie Bouma en Jan Schurer mei 5-3 6-6 ferslein.
Op dizze stân bringt Doede Rients de bal krekt foar en sa wint Boalsert de 11e edysje fan dizze spesjale junioaren ôfdielingswedstriid. Ek dizze 11e edysje wie it wer prachtig waar yn Easterein en alle partoeren ha moai keatsen sjen litten.

Boalsert is de dei begongen tsjin Wytmarsum (0-5 6-6) en komt ferfolgens Jelsum-Koarnjum-Britsum tsjin op de twadde list (1-5 2-6). Op de tredde list soarget Boalsert foar in plakje yn de heale finale troch te winnen fan Frjentsjer mei 3-5 0-6. Yn de heale finale ha se it net maklik tsjin Dronryp en it wurdt “alles oan de hang”. Op die stân slacht Boalsert in dikke keats hokker se ferfolgens ek pakke.

Easterein 1 wûn op de earste list fan Boalsert 1 mei 5-0 6-2. Op de twadde list pakke se de winst tsjin Berltsum (5-3 6-4). Yn de tredde list in ferrassende mar oertsjûgende utslach. Easterein pleatst sich yn de heale finale troch 5-0 6-0 te winnen fan Tsjummearum. Yn de heale finale treffe se Easterlittens. Dizze partij wurdt troch in sitbal djip achteryn útmakke troch Doede-Rients Okkema op 5-3 6-6.

Oan de útslach fan de finale te sjen is de wedstriid net spannend, mar neat is minder wier. Mar leafst 5 slaggen waarden der op seis gelyk ferkeatst. Boalsert nimt in 5-1 foarsprong troch sels deeglik, flaterfrij en dreaun te keatsen. Easterein jout net op en komt op 5-2 troch in boppeslach fan Jan Schurer en trije bûtenslaggen fan Peter van Zuiden. Doede-Rients Okkema keart op 5-2 2-4 de bal foar de keats en slacht dêrnei in prachtige tuskenynse sitbal, 5-3. Yn it lêste earst wurdt it wer seis gelyk en belannet de bal fan Easterein krekt foar de foarline.

Tredde prizen wiene der foar Dronryp (Rense Sijbesma, Sander Kingma en Wierd Baarda) en Easterlittens (Dirk Jorritsma, Gerrit Rinse Stremler en Erwin Zijlstra).

1. BOALSERT: Peter van Zuiden, Hendrik Bouwhuis, Julian Faber
2. EASTEREIN: Doede Rients Okkema, Rémon Tie Bouma, Jan Schurer
3. DRONRYP: Rense Sijbesma, Sander Kingma, Wierd Baarda
3. EASTERLITTENS: Dirk Jorritsma, Gerrit Rinse Stremler, Erwin Zijlstra

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers