contact zoeken wedstrijden

Pupillenmeisjes Door elkaar loten A klasse A (poule)

16 augustus 2014 10:00
Burgum
Categorie Pupillenmeisjes KNKB
Soort Door elkaar loten A-klasse
Vereniging KV BERGUM
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris J. Ritsma-v.d. Leest
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag


Útslach famkes pupillen A

1e priis
Fiera de Vries, Sexbierrum en Anna Rob, Winsum

2e priis
Anouk Smink, Makkum en Esmee de Groot, Koarnjum



Ferslach KNKB Groot in BHV partij fan KV Bergum op sneon 16 augustus

Yn de oanrin nei dizze partij wienen der inkele swierrichheden. Dochter Marja fan skiedsrjochter Pier Boonstra wie yn de nacht dêrfoar stoarn. Eduard Faas hat him ferfongen. Hieke Bootsma hat har hân ferbaarnd. Der moat dan bylotte wurde út de ferliezersronde en dat levert úteinlik in omloop fertraging. Der is prachtich keatst. It waar wie goed en it fjild lei der moai by. De famkes pupillen ha goed har bêst dien. Der wienen inkele boppeslaggen. By de opslach waarden ek punten makke troch lege ballen foaryn en hege ballen achteryn. Se ha sportyf keatst en der is gjin wanklank heard.
By de pupillen A wie der yn de tredde omloop in spannende partij fan Fiera de Vries, Seisbierrum en Anna Rob, Winsum, de earste priiswinnaars, tsjin Anouk Smink, Makkum en Esmee de Groot, Koarnjum, de twadde priiswinnaars.
Skiedsrjochter Klaas Jan van der Kooi hie by de famkes pupillen B in list fan 16 partoeren. Der wie in lange en spannende partij fan de bylotte Silke Heinsma, St Anna en Esther de Vries, Berltsum tsjin Tara Brit van der Meulen, Raerd en Maureen Noordhuis, Boalsert. By fiif earsten gelyk wie de spanning sa oprûn dat earst it toilet opsocht wurde moast. Tara Brit en Maureen wûnen in tredde priis. Der wie ek in tredde priis foar Femke Terpstra, Wommels en Mariek Hellinga, Dronryp. De finale wie iensidich yn it foardiel fan Larissa Smink, Makkum en Kristia Dotinga Sibrandabuorren. De twadde priis wie foar Foke Jil Bakker, Tersoal en Marije Bodde, Grou. De finale yn de ferliezersronde wie spannender mei in earste priis foar Baukje Heeringa, Readuzum en Jildou Ekema, Poppenwier. De twadde priis wie foar Iris Oosterbaan, Skearnegoutum en Machteld Veldman, Easterein.

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers